Jonker Sikke Partij 29 juny 2014
Op snein 29 juny, de dei fan de achtste finale fan it Nederlansk alvetal stie de Jonker Sikke Partij op it programma. It keatsen om 13.00, it fuotbaljen om 18.00. Dat wie de reden dat der op spullen gelyk begun waard en dat it Mantgumer ketierke safolle mooglik ynkoarten waard. Wy ha in goeie sponsor oan Jonker Sikke. Der wurdt om moaie priizen keatst en dat soarget derfoar dat der yniens 24 minsken op'e list stean! Hulde! De Jonker Sikke Partij stiet bekend om syn trije kear lotsjen. Dat betekend trije kear ferskillende maten en trije kear ferskillende tsjinstanders. It makket ek dat it altyd oant it letst ta spannend bliuwt, want de earste twa kear winne is net in garantie foar in priis! De belangen wurde steeds grutter en je moatte at je de earste twa kear wun ha, je maten dy miskien al twa kear ferlen ha wol oant it maksimale motivearje kinne! It docht bliken dat minsken út it leger hun maten tot heechste hichten bringe kin, want ús eigen foarsitter, Hans de Boer, gie mei de kranse nei hús! Mei trije winstpartijen en mar 9 earsten tsjin (let op: spullen gelyk begun), koe hy Lyssa fan der Ende (21 foar, 12 tsjin) en Klaas van der Veen (21 foar, 14 tsjin) krekt foar bliuwe. Hiel knap, ek mei it each op wer hy weikomt! Wy binne hieeeel benijd hoe it iten fan de trije priiswinners smakke hat! Oant it merkekeatsen! Útslach: 1e: Hans de Boer 2e: Lyssa van der Ende 3e: Klaas van der Veen
Geplaatst op 14 July 2014